Easterwierrum: "Pietje Bell en de Binde fan de Swarte hân"

22 feb 2017 - 20:48

It mystearje fan de swarte hânôfdrukken op doarren en ruten yn en om Easterwierrum is opheldere. It wie de oankundiging fan it berne-iepenloftspul fan dit jier. Sy spylje nammentlik dit jier 'Pietje Bell en de Binde fan 'e Swarte hân'. De bern dy't meidogge fiele harren allegear lid fan dy binde fan de swarte hân, ek bûten de repetysjes om.

De tekst en de muzyk is skreaun troch Peter Sijbenga, de rezjy is yn hannen fan Romke Gabe Draaijer en Sjoerd Blom. De premjêre fan it 27e berne-iepenloftspul is op 22 juny.

(Advertinsje)
(Advertinsje)