"Dûmny, binne jimme hjir foar Cambuur?"

22 feb 2017 - 20:42

De Agnestsjerke yn Goutum docht yn 2018 wat mei Cambuursupporters. Dat sei dûmny Gerard Rinsma woansdei foar Omrop Fryslân Radio. De tsjerke hat in ferbining mei de fuotbalklup. "In jonkje frege my: Dûmny, binne jim hjir foar Cambuur? Jim hawwe it logo fan Cambuur oan de muorre te hingjen."

It hertsje út it bekende Cambuurlogo sit yn it wapen fan de Cammingha's. Dat stiet op in rouboerd dat oan de muorre hinget, fertelt Rinsma.

Earetsjinst ek by Cambuur

Rinsma melde syn idee oan by Under de toer, dat alle doarpsaksjes mei Kulturele Haadstêd 2018 koördinearret. De tsjerke is in ynstitút foar sinjouwing. "Wat by Cambuur bart, is ek in sinjouwingskultuer. Sjoch mar nei de rituelen en de sjongerij. It is gewoan in earetsjinst", fertelt Rinsma. Oer de krekte ynfolling fan de Cambuurplannen hat Rinsma neat bekend makke.

Untsjerkliking

Rinsma wie yn de studio fan Omrop Fryslân om yn it radioprogramma Weistra op wei te praten oer ûntsjerkliking. It Sintraal Buro foar de Statistyk kaam woansdei mei sifers nei bûten dat hieltyd minder jonge minsken harsels religieus neame. Tsjintwurdich binne noch mar fjouwer op de tsien jonge minsken tusken de 15 en 25 jier leauwich. Fiif jier ferlyn wie dat fiif op de tsien.

Tsjerke net de alderhipste

De ûntsjerkliking is net inkeld te sjen by de jongerein. "Jo sjogge it ek by minsken fan 30 oant en mei 50. De bining mei de tsjerke wurdt minder", seit Rinsma. "Sinjouwing is no net minder belangryk as eartiids. Mar de minsken sykje it net mear by de tradisjonele ynstituten. It giet net mear fanselssprekkend oer fan heit op soan en fan mem op dochter. Minsken kieze der sels foar. Op de merk fan spiritualiteit is de tsjerke ien fan de oanbieders. Wy as tsjerken springe der no net fuortendaliks út mei it hipste oanbod", seit Rinsma.

Gjin sieltsjes winne

Rinsma ûntstriidt dat de Cambuuraksje bedoeld is om mear jeugd binnen te krijen. "Wy dogge net oan sieltsjes winnen. Wy wolle it fjoer baarnende hâlde."

(Advertinsje)
(Advertinsje)