Nije papieren krante: Argus. Pieter de Groot (LC) sit derby

22 feb 2017 - 18:32

Nederlân krijt in nije papieren krante. 'Argus' wurdt op 6 maart lansearre yn Amsterdam. De twawyklikske krante is in inisjatyf fan âld-haadredakteuren fan Vrij Nederland. Ien fan de meiwurkers is Pieter de Groot, de eardere sjef fan de kultuerredaksje fan de Ljouwerter Krante. Jan Donkers, John Jansen van Galen en de yn Ljouwert berne Cisca Dresselhuys sille ek skriuwe yn Argus.

Argus wurdt in krante mei achtergrûnferhalen oer binnen- en bûtenlânske ûntwikkelings, ekonomy en kultuer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)