Stoarm: minder treinen en net mei karre de dyk op

22 feb 2017 - 18:19
(argyffoto) - Foto: ANP

Foar tongersdei wurdt stoarm ferwachte, mei wynkrêft 9 krije en swiere wynstjitten. Foar it hiele lân is koade giel ôfkundige.

Ferskate organisaasjes kundigje no al maatregels oan. De NS lit minder treinen ride, omdat de ûnderfining leart dat der grutte kâns is dat der tûken op it spoar waaie. Op de measte trajekten ride de treinen net fjouwer, mar twa kear yn de oere.

Omwaaie

Rykswettersteat warskôget ferkearsdielnimmers dat se rekken hâlde moatte mei swiere wynstjitten. Ferkearsynformaasjetsjinst VID advisearret minsken om net mei in karre of in lege frachtauto-kombinaasje de dyk op te gean. It risiko op omwaaien is te grut.

By skea gemeente belje

De plysje freget minsken om by stoarmskea net nei it alarmnûmer te beljen, mar de gemeente te warskôgjen. Sa bliuwt 112 frij foar echt driuwende saken.

Trefwurden: 
stoarm koade giel NS trein
(Advertinsje)
(Advertinsje)