Skylgers sette seehûne-opfang op mei eilanner frijwilligers

23 feb 2017 - 06:00

Skylgers binne op 't heden dwaande mei de realisaasje fan in eigen seehûneopfang. Sike seehûnen en gûlers by Skylge en Flylân moatte fan 1 maart ôf te plak kinne op it eilân. Frijwilligers fan it eilân sille de sike bisten fersoargje en behannelje. Dêr krije se in oplieding foar. Se krije help fan it seehûnesintrum yn Pieterburen yn Grinslân. It seehûnestasjon Hessel Wiegman kriget yn juny in besikerssintrum.

Reservaat

De tydlike fergunning foar de opfang fan seehûnen op Skylge rint op 1 july 2017 ôf. De Stichting Zeehondenopvang Terschelling hopet dat er omset wurdt yn in permaninte fergunning. Yn de takomst moat der oan de súdkant fan it eilân in seehûne-reservaat komme

Wiegman

De bou fan in profesjonele seehûneopfang op Skylge wie de dream fan Skylger seehûnerêder Hessel Wiegman. Hy ferstoar twa wiken lyn yn syn sliep.

Yn de takomst moat der oan de súdkant fan it eilân in seehûne-reservaat komme

Trefwurden: 
seehûn Skylge
(Advertinsje)
(Advertinsje)