FIDEO: Tresoar jout kolleezje oer de skiednis fan Fryslân

Wat witte we no eins oer Fryslân? De skiednis fan Grutte Pier, aaisykjen en it Frysk hynder. It binne allegear klisjees en dêr wol Bert Looper, direkteur fan Tresoar fan ôf. Mei syn kolleezje Fryslân-kunde lit hy sjen hoe dynamysk oft Fryslân eins wie en is. Dat alles om Friezen ta te rieden op Kulturele Haadstêd 2018. It giet fan it âldste hânskrift en de Universiteit fan Frjentsjer nei it Fryske frijheidsprivileezje, Kneppelfreed, Grutte Pier, Joast Halbertsma en Douwe Kalma.
De stoomkursus is tongersdei yn it provinsjehûs fan 12.00 oere ôf.