Himpkwekerij mei 370 planten ûntromme yn Ljouwert

22 feb 2017 - 16:47
Foto: Plysje

De plysje fan Ljouwert hat woansdei oan de Waltastate yn de wyk Camminghabuorren in himpplantaazje ûntromme  Op de twadde etaazje fan de tuskenwenning stiene 370 planten. It kweekmateriaal en de planten binne yn beslach naam en ferneatige. De stroom foar de himpplantaazje waard yllegaal ôftape.

De 34-jierrige bewenner fan de wente is op in oar plak yn Ljouwert oanhâlden. De Criminaliteits Interventie Groep (CIG) ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
himp Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)