Vivianne Miedema nominearre foar wrâldalvetal

Vivianne Miedema © ANP
Ald-Hearrenfeanfuotbalster Vivianne Miedema is nominearre foar it wrâldalvetal fan 2016. De spits fan Oranje is de iennige Nederlânske spylster op de list fan 55 ynternasjonale topspylsters.
Ut dy list wurdt úteinlik it wrâldalvetal gearstald.
Mear as trijetûzen spylsters hawwe reagearre op it fersyk fan de organisaasje om harren favorite alvetal gear te stallen. De útslach wurdt op 8 maart bekend makke. Dan is it Ynternasjonale Frouljusdei.