Amtners Frjentsjerteradiel sitte tydlik yn units

22 feb 2017 - 14:07

Ynwenners fan de gemeente Frjentsjerteradiel kinne ynkoarten net mear telâne yn har gemeentehûs. De meiwurkers fan de gemeente sitte fan nije wike moandei ôf net mear yn it gemeentehûs yn Frjentsjer. Dat wurdt de kommende moannen ferboud, sa't 1 jannewaris de nije fúzjegemeente Waadhoeke yn it gebou kin. Amtners fan Frjentsjerteradiel moatte oant dy tiid útwike nei trije units njonken it gemeentehûs. "We steane der posityf tsjinoer, mar it is dochs ek wol spannend", fertelt projektlieder Meiny Hummel.

Net foar alle 120 meiwurkers is plak yn de tydlike units: der steane 106 buro's yn. Om't eltsenien net alle dagen wurket, is dat gjin probleem. Boppedat is it ek dien mei alle eigen kantoaren. Der binne gjin eigen plakken mear: dy moatte plakmeitsje foar fleksplakken. Gjin ien komt dêr ûnderút: sels boargemaster Eduard van Zuijlen sil gjin eigen plak mear ha.

De gemeenteried fan Frjentsjerteradiel sil de kommende tiid holden wurde yn it stedhûs fan Frjentsjer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)