Ljouwerter bern fine kessensloop mei sieraden

22 feb 2017 - 13:37

Bern ha tiisdeitemiddei yn in sleat lâns de Van Loonstrjitte yn Ljouwert in kessensloop fol mei sieraden fûn. Ien fan de bern hat it sloop mei in stok út it wetter helle en de plysje warskôge. Dy siket no de eigener fan de sieraden. Mooglik binne dy stellen by in wenningynbraak. De sieraden hawwe nei alle gedachten lang yn it wetter lein, om't guon sieraden harren orizjinele kleur net langer ha. De plysje freget oft minsken har melde wolle as se de sieraden werom kenne.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje sieraden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)