Marja van der Meer hâldt op as PvdA-Steatelid

Marja van der Meer (46) út Ingelum hâldt op as PvdA-steatelid. Sy wurdt mei yngong fan 1 maaie griffier by de gemeente Skiermûntseach. Se sil dy dieltiidbaan kombinearje mei har hjoeddeistige baan by soarchsintrum it Bildt yn Sint-Anne. Van der Meer folge yn 2015 Hans Konst op. Har opfolger is Harry Balgobind (61) fan Drachten. Balgobind is al langer belutsen by de PvdA-steatefraksje.