Schouten en Ketellapper winne maraton yn Sweden

22 feb 2017 - 12:45
Foto: ANP

Simon Schouten hat woansdei yn Sweden de tredde grand prix op natueriis wûn. De reedrider út Andijk hâlde nei 100 kilometer Frank Vreugdenhil en Niels Mesu achter him. It trio wie yn it twadde part fan de race mei Rick Smit en Bob de Vries in kopgroep. Yn de slotronde (9,5 kilometer) slagge it Schouten om in gatsje te slaan en sa de tredde grutte winst op natuuriis te boeken. Yn 2012 wûn er al de 100 fan Earnewâld en in jier letter de alternative Alvestêdetocht. Yn jannewaris wûn er de earste maraton op natueriis yn Noordlaren.

Vreugdenhil liedt it klassemint mei 50 punten. Mesu is twad mei 42 punten en Schouten is nei it tredde plak klommen en hat no 36,1 punten.

By de froulju sprinte in gruttere groep yn de lêste meters foar de winst. Carla Ketellapper-Zielman út Rottum kaam krekt wat earder oer de streek as Iris van der Stelt en Ankie Ytsma fan Ljouwert.

De KPN grandprix giet sneon en snein fierder mei de fjirde en fiifde wedstriid, ek yn Sweden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)