Fertochten ûntfiering Drachten foarlaat oan rjochter

22 feb 2017 - 12:30
De caravan dêr't de fertochte yn siet - Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

De fiif fertochten fan de ûntfiering sneintenacht yn Drachten fan in 26-jierrige man út Almelo wurde tongersdei foarlaat oan de rjochter-kommissaris. Dy beslút oft de fiif langer fêstsitten bliuwe moatte. De oanlieding fan de ûntfiering soe yn de relasjonele sfear sitte. Der soe in finansjeel skeel wêze tusken it slachtoffer en de ûntfierders. De man út Almelo belle sneintenacht sels de plysje.

Dy koe op de Baalder yn Drachten twa fertochten oanhâlde, in 26-jierrige man út Surhústerfean en in 45-jierrige frou út Drachten. Op in camping yn Boelensloane binne noch trije minsken oppakt. It giet om in 37-jierrige man út Drachten, in 21-jierrige frou út Stynsgea en in 41-jierrige ynwenner fan Oerterp. Ek troffen de plysjeminsken in fjoerwapen oan. Dat is yn beslach naam en ek twa auto's binne yn beslach naam.

Trefwurden: 
ûntfiering Drachten
(Advertinsje)
(Advertinsje)