Tiltmjitters by Toppenhuzen om gefolgen boarring te mjitten

22 feb 2017 - 12:22

Yn Toppenhuzen komme nei alle gedachten saneamde tiltmjitters te stean om de gefolgen fan de gaswinning by it doarp sa krekt mooglik te mjitten. In keamermearderheid hat dêr tiisdei foar stimd op inisjatyf fan CDA en SP. It regear moat noch oanjaan wat sy hjir mei dwaan sille. Doarpsbelang Top & Twel hopet noch hieltyd de gaswinning tsjin te hâlden by de Rie fan Steat. Sy binne lykwols bliid mei de mearderheid yn de Twadde Keamer. Dy like der earst net te kommen. De stipe fan de PvdA joech úteinlik de trochslach.

Winamer Belang striidt al jierren foar de komst fan tiltmjitters by de tsjerke fan Winaam. Sy sjogge no op 'e nij mooglikheden en dogge in nije oanfraach by de provinsje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)