Akkrum yn aksje foar ferbouwing Utingeradeelhal

22 feb 2017 - 12:14

Akkrum komt yn aksje foar in mooglike útwreiding fan de sporthal. De Utingeradeelhal soe dan brûkt wurde kinne foar útfieringen en grutte gearkomsten. It doarp hat in grut ferskaat oan ferieningen, fan koaren oant dûnsselskippen. En dy hawwe op dit stuit net in goed plak foar útfieringen. De alternativen yn it doarp, lykas it soarchsintrum of de tsjerke, binne eins net geskikt mear, en dus wurdt der no sjoen nei de sporthal. De hal is yn 1984 boud troch it doarp sels, en soe mei in útwreiding en ferbouwing geskikt makke wurde kinne.

It bestjoer fan de sporthal hat no in brief by alle ferieningen delstjoerd om te hearren hoefolle animo en draachflak der is foar in ferbouwing. As it bestjoer genôch brieven weromkrijt fan de ferieningen sille se om tafel mei it kolleezje fan boargemaster en wethâlders om te sjen wat der mooglik is, en hoe't de gemeente tsjinoer de plannen stiet. De kosten wurde op dit stuit rûsd op sa'n 600.000 euro.

Trefwurden: 
Akkrum Utingeradeelhal
(Advertinsje)
(Advertinsje)