De stim fan Jelly: "Den Haag kin mear foar ZZP-ers dwaan"

07 mrt 2017 - 06:52

Jelly Rodenhuis (38) is skilder en wennet yn Tsjummearum. Se is al tolve jier ZZP-er en dat is bytiden wol dreech. "Benammen yn de winter is it wolris swier. Dan ha we minder wurk en dan soe it moai wêze as we in potsje oansprekke kinne. Dat soe ik wol oan Den Haag freegje wolle. En ik wol ek wolris frij ha, mear tiid foar it gesin. Der is altyd druk, we moatte altyd. De bern ha ek wolris in wykje frij, dat soe ik ek wol wolle. Mar net wurkje, is gjin jild. As je as ZZP-er siik binne, soe it moai wêze as der in lytse fergoeding wêze soe."

"Dat de steat byspringt en dat je net fuort yn de bystân hoege. Se moatte ris in wike meirinne, dan binne se bliid as se wer nei hûs kinne." Se sil wol stimme, mar wit noch net watfoar partij. "It wurdt net de PVV, dêr bin ik wol wis fan."

De stim fan...

Op 15 maart binne de Twadde Keamerferkiezingen. Omrop Fryslân lit alle wurkdagen in Fries oan it wurd. Yn de rubryk 'De stim fan...' hearre we hoe't hy of sy oer de polityk tinkt. Wat fine se derfan, wêr sitte se oer yn en wêr stimme se op? Sjoch foar alles oer de ferkiezingen op ús ferkiezingsside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)