Soargen oer sosjaal-kultureel wurk yn De Harkema

Pleatslik Belang De Harkema makket him soargen oer de takomst fan it sosjaal-kultureel wurk yn it doarp, no't de gemeente Achtkarspelen besunigje wol. Dy besunigingen sille neffens it doarpsbestjoer liede ta it ûntslach fan de behearder fan it Clubhuis, wêrnei't sluting fan it sosjaal-kultureel sintrum driget. Dat betsjut dat in soad ferieningen en de freedtejûnsoas foar de jongerein der mei ophâlde moatte, om't se gjin plak mear ha.
Pleatslik belang neamt benammen it ophâlden fan de soas nei 40 jier spitich. "Der rint jûns al genôch jongerein op strjitte, der hoecht net noch mear by.''