De stim fan Jappie: "Mear respekt foar gesachsdragers"

Jappie Zeinstra (56) is ûndernimmer yn Blauhús. "Ik meitsje my soargen oer de tanimmende brutaliteit, minsken dy't mei in grutte mûle tsjin de plysje steane, dan tink ik, dit giet de ferkearde kant op. De jeugd nimt soks oer. As je Wilders praten hearre, dat platte praat, tink ik dat heart net. Dy man hat in foarbyldfunksje. Him moat wat fatsoen byleard wurde. Hy kin soms wol gelyk ha, mar moat it oars sizze. Ik bin it mei him iens dat kriminele Marokkanen fuort moatte, mar kinst net elkenien oer ien kaam skeare."
"It begjint mei respekt." Hy wit noch net wat er stimme sil, dêr moat er noch goed oer neitinke. "Den Haag soe wol mear each ha meie foar it plattelân, se steane net foaroan."
De stim fan...
Op 15 maart binne de Twadde Keamerferkiezingen. Omrop Fryslân lit alle wurkdagen in Fries oan it wurd. Yn de rubryk 'De stim fan...' hearre we hoe't hy of sy oer de polityk tinkt. Wat fine se derfan, wêr sitte se oer yn en wêr stimme se op? Sjoch foar alles oer de ferkiezingen op ús ferkiezingsside.