Plysje hellet bewenner azc Drachten fan it dak

22 feb 2017 - 10:22
Foto: De Vries Media

De plysje hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei in man fan it dak fan it asylsikerssintrum yn Drachten helle. De man woe himsels tekoart dwaan. Om't tocht waard dat hy in wapen by him hie, waard ek in arrestaasjeteam oproppen. Dat hoegde net yn aksje te kommen. In tolk en in spesjale ûnderhanneler ha hast twa oeren lang mei de man praat. Dêrnei stapte er út himsels yn it bakje fan de heechwurker fan de brânwacht. Omdat de helptsjinsten manmachtich útrukten wie der in soad kommoasje om it ynsidint hinne.

Trefwurden: 
AZC Drachten
(Advertinsje)
(Advertinsje)