Hobbels yn oanlis fytspaad tusken Mullum en Winaam

21 feb 2017 - 22:25
In fytser yn de hurde wyn - Foto: ANP

De gemeente Harns wol sa gau mooglik in fytspaad oanlizze tusken Mullum en Winaam, mar dan moatte se der earst wol út sjen te kommen mei de famylje Jukema út Winaam. Beide partijen stiene tiisdei foar de Ried fan Steat. De Jukema's meitsje beswier tsjin it nije fytspaad, dat dwers troch har lân komt te rinnen. Sy ferwachtsje oerlêst fan de fytsers.

De Ried fan Steat advisearre om bûten de rjochtseal te besykjen ta in akkoart te kommen. Neffens de Ried mankearret it lykwols noch wol oan de juridyske kant fan de oanlis fan it fytspaad.

Oft dy flaters noch te werstellen binne, moat nei de útspraak fan Ried fan Steat dúdlik wurde.

Trefwurden: 
fytspaad Mullum Winaam
(advertinsje)
(advertinsje)