Man út De Pein pakt mei ferbeane wapens en drugs

In 29-jierrige man út De Pein is oppakt foar ferbean wapen- en drugsbesit. By in rûtinekontrôle die bliken dat de fertochte in boksbûgel en in stroomstjitwapen by him hie. By it plysje-ûndersyk yn it hûs fan de fertochte waarden ek nochris twa nep-fjoerwapens mei munysje fûn en in grutte partij drugs, wêrûnder 138 pûdsjes himp.
Yn it hok by it hûs waard ek in romte ûntdutsen dy't brûkt waard as himpkwekerij. De wapens en drugs binne yn beslach naam en sille ferneatige wurde. Tsjin de fertochte wurdt proses-ferbaal opmakke.