Bestjoerder ferwûne by oanriding yn Drachten

21 feb 2017 - 21:56
Beide auto's moasten fuortsleept wurde - Foto: Srfotografie

In bestjoerder is tiisdeitejûn ferwûne rekke by in oanriding yn Drachten. Op de Hegebrechsterleane botsten twa auto's opelkoar. De bestjoerder fan ien fan de auto's is mei noch ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs yn Drachten brocht.

It is noch net bekend wat de oarsaak fan it ûngelok is, mooglik gie it om in foarrangskwestje. In berger hat de twa auto's fuortsleept.

(Advertinsje)
(Advertinsje)