Aksjefierder Van Beek 'út de skroeven' oer bernepardon

PvdA'er Chris van Beek is út 'e skroeven oer de fersoepeling fan it bernepardon. De Twadde Keamer naam tiisdei in moasje oan om de besteande wetjouwing oangeande it bernepardon soepeler te meitsjen. Dit betsjut dat mear bern fan asylsikers yn Nederlân bliuwe meie.
Van Beek is tige bliid dat it no einliks sa fier is. "It komt net faak foar dat ik gûle moat, mar fan 'e middei wie sa'n momint", seit er. Neffens Van Beek is dit in tige grutte stap foarút: "Sa'n 600 oant 700 bern sille hjir nei ferwachting fan profitearje".
It is noch ôfwachtsjen hoe't de moasje krekt útfierd wurdt. Ferantwurdlik steatssekretaris Dijkhoff joech yn in reaksje oan dat er neat sjocht yn de fersoepeling. Hy neamt it in "ferkiezingsmoasje". Dijkhoff komt nei alle gedachten woansdei mei in brief oer hoe't de moasje krekt útfierd wurde sil. Van Beek is ferskriklik benijd wat der yn dy brief komt te stean.
Chris van Beek hat jierrenlang aksjefierd foar in fersoepeling fan it bernepardon. Hy fertelde hjir earder oer yn ús programma Buro De Vries.