Túnfûgelkonsulinten wolle mear advizen jaan

21 feb 2017 - 21:22

De túnfûgelkonsulint moat populêrder wurde yn Fryslân, dat seit Jantsje Jellema, ien fan de trije túnfûgelkonsulinten yn ús provinsje. De konsulint is in idee fan de fûgelbeskerming Nederlân en bestiet al in pear jier, mar der wurdt yn Fryslân noch net in soad gebrûk fan makke.

In túnfûgelkonsulinte is oplieden troch de Fûgelbeskerming en wit dêrom in hiel soad fan fûgels en hoe't dy nei de tûn lutsen wurde kinne, bygelyks troch it plantsjen fan spesjale soarten beammen en planten.

Per jier hat Jellema sa'n trije oanfragen foar advys oer de tún. Yn de hiele provinsje binne dit der 15. Neffens de túnfûgelkonsulinte út Heech meie dit wol folle mear wurde, om der sa bewuster fan te wurden hoe't je omgean moatte mei de natoer en de fûgels yn de tún. In advys fan de fûgelkonsulinte is net fergees. Se komme op besite by de minsken thús. ''Dêrnei wurdt der in plan makke, dêr't ek de Fûgelbeskerming noch nei sjocht'', sa seit Jellema.

(Advertinsje)
(Advertinsje)