Rioelearring Jellum kin himelwetter net oan

It rioel fan Jellum kin dikke buien net oan
Ynwenners fan Jellum loaze it himelwetter mooglik tenei wer op it oerflaktewetter, omdat it rioel fan Jellum hiele dikke buien net oan kin. Der wurdt dan in sleat brûkt as ekstra berging, mar omdat dy dearinnend is moatte der tankweinen oan te pas komme om it wetter ôf te fieren.
Dat duorret alle kearen trije dagen en dêrom siket de gemeente Littenseradiel in oare oplossing. Ien fan de opsjes is it loskeppeljen fan de ôffieren fan reinwetter fan it rioel en dat wer direkt yn it oerflaktewetter te loazen.
It kolleezje stelt de gemeenteried foar dêr akkoart mei te gean. It wurk moat in lytse 120.000 euro kostje.