Weismiten blikjes kinne fataal wêze foar fee

21 feb 2017 - 19:44

It weismiten fan lege blikjes kin fatale gefolgen hawwe foar in ko. Dat seit melkfeehâlder Gouke Wilpstra fan Sigerswâld. In blikje wurdt stikkemeand en de bliksnippers kinne fia it gers of letter fia de kuil yn de mage en yngewanten fan de ko bedarje. Dat kin soargje foar bliedings mei de dea as gefolch

Wilpstra fûn in leech blikje yn syn lân, hielendal stikken. Neidat er alle stikjes byelkoar fandele hie, sette hy dêr in berjocht mei foto fan op ynternet om minsken te warskôgjen foar de gefaren fan sokke blikjes.

Hy sette der ek in foto by fan in ko mei bloed yn de bek. Mear as 1000 minsken hawwe dat berjocht al dield.

In goed jier lyn hie Wilpstra in ko mei sa'n stik 'skerp' - sa't hy it neamt - yn de mage. De feearts moast der oan te pas komme. "Dy bringt dan in magneet yn, en dan moat men mar hoopje dat it metaal dêr oan fêstsitten bliuwt. Dy magneet bliuwt yn de ko, dy krijst der net mear út. Yn it slachthûs komst dy pas wer tsjin."

Wilpstra soe graach sjen dat de gemeente mear jiskefetten by de dyk lâns sette soe. En hy ropt alle minsken op om de eigen rotsoai mei te nimmen.

Trefwurden: 
fee blikjes ferwûne
(advertinsje)
(advertinsje)