"PM-kanaal is ûnfeilich foar rekreaasjefeart"

It Fryske farwetter, benammen it Prinses Margrietkanaal, is te drok en te gefaarlik foar de rekreaasjefeart. Dat binne de soargen fan Jappie van der Pol, boatsjeferhierder út Snits. Hy seit dat der hieltyd mear ûngelokken binne tusken binnenfeartskippen en rekreaasjeboatsjes.
De provinsje hat no ek noch plannen om it farwetter te ferbreedzjen en sa gruttere binnenfeartskippen oan te lûken. Van der Pol wol dat de provinsje dat net docht. Hy fynt dat der mear ynvestearre wurde moat yn alternative rûtes en mear wachtstegers.
De provinsje reagearret as folget op de brief fan Van der Pol:
"De brief wie hjoed noch net by ús binnen kaam. It docht bliken dat hy benammen oer it PM-kanaal giet, dat sûnt 1 jannewaris 2014 eigendom is fan it Ryk/Rykswettersteat. De feiligens op ús wetter is in wichtige taak fan Provinsjale Wettersteat. Wy ha hjir in soad jild en enerzjy yn stutsen. Tink bygelyks oan de steandemêstrûte fia Wergea om it PM-kanaal te ûntlêsten en oan alle akwadukten yn de Súdwesthoeke en de Frisoslûs yn Starum.
De rûte Hearrenfean-Terherne is wol fan de provinsje. Wy studearje hjir op opwurdearring. Wy binne dêr weromhâldend mei it ferlienen fan (trochfar)fergunnings foar de beropsfeart. Grutte skippen moatte per reis rjochting It Hearrenfean by de provinsje in fergunning oanfreegje. Per gefal beoardiele wy of begelieding troch ús skippen winsklik is. Ek op oare plakken sjogge wy hieltyd oft der ferbetterkânsen binne. Ideeën binne dat oangeande wolkom."