Antike kassa fûn op sportterrein fan De Gordyk
Op it sportterrein oan de Mientewei op De Gordyk is in antike kassa fûn. De kassa is nei alle gedachten stellen, meldt de plysje op Facebook. De plysje freget minsken dy't witte wêr't de kassa wei komt of mear ynformaasje hawwe harren te melden.