"Himpwet moat ûnderwerp fan kabinetsformaasje wurde"

De nije himpwet moat in belangryk ûnderwerp by de kommende kabinetsformaasje wurde. Dat seit boargemaster Tjeerd van Bekkum nei oanlieding fan de stimming oer de himpwet yn de Twadde Keamer. Dy stimde tiisdei mei in lytse mearderheid (77 om 72) yn mei de saneamde 'wietwet'.
Yn dizze nije wet stiet dat profesjonele telers in ûntheffing krije kinne foar it ferbouwen fan himp. Dit moat in ein meitsje oan de praktyk dat himp wol ferkocht wurde mei yn in coffeeshop, mar net ferboud of oanfierd wurde mei.
Van Bekkum fynt ek dat de partijen dy't tsjin stimd hawwe mear nei de gemeenten sjen moatte, want de measte boargemasters binne foar regulearring. It systeem sa't it no wurket, soarget foar in soad wurk foar gemeente, omdat der in soad kontrolearre wurde moat. As de tylt tastien wurdt, sil dat wol feilich dien wurde moatte, omdat himp noch altyd in lukrative hannel is.