Renovaasje Broeretsjerke yn Boalsert kin hast begjinne

21 feb 2017 - 17:31

As it budzjet der komt, kin de renovaasje fan de Broeretsjerke yn Boalsert noch dizze simmer begjinne. De markante Broeretsjerke hat in glêzen dak, mar dêr sitte skuorren yn. Dy binne net gefaarlik foar it publyk, mar de Stichting Monumenten Súdwest-Fryslân wol graach yngripe.

De renovaasje moat 100.000 euro kostje. It kolleezje fan B en W fan Súdwest-Fryslân hat yntusken 25.000 euro tasein. Yn totaal is no 68.000 euro binnen. 

De Broeretsjerke waard yn de 13e iuw boud as kleastertsjerke. Nei in brân yn 1980 waard der yn 2006 in glêzen kap op de tsjerke setten. As kultureel sintrum is is de Broeretsjerke tige belangryk foar de stêd Boalsert. 

(Advertinsje)
(Advertinsje)