Keunstners op Gryn: "Het eiland zit bomvol inspiratie"

De keunstners Liset Moerdijk en Rutger Bergboer sitte sûnt moandei op Gryn. Sy sille trije dagen nei it fûgeleilân yn de Waadsee en oan de hân fan wat se dêr belibje, meitsje se in projekt foar Oerol 2017. Oerol en Natuurmonumenten diene krekt foar de krystdagen de oprop 'Beleef het onbewoonde vogeleiland Griend op Oerol'. Natuurmonumenten wol graach mear minsken yn 'e kunde bringe mei dit stikje natuer, sûnder dat se fysyk nei it eilân gean.
De beide keunstners binne entûsjast oer Gryn en fine it bysûnder om mei te meitsjen. "Het eiland zit bomvol inspiratie. We zitten ons de hele tijd te verwonderen over de vogels", seit Liset Moerdijk. "Je zit hier met zijn tweeën op je eigen eiland, maar om je heen gaat de buitenwereld gewoon door."