Pikeboer Hazenberg hat mooglik fûgelgryp-oplossing fûn

21 feb 2017 - 16:00

Pikeboer Hans Hazenberg út Abbegea tinkt de oplossing fûn te hawwen tsjin de fûgelgryp: hy hat doeken by syn pikestâl ophongen, dy't de lucht filterje moatte. It bedriuw fan Hazenberg waard yn desimber troffen troch de sykte, mei as gefolch dat syn 63.000 hinnen ôfmakke wurde moasten en syn bedriuw op slot gong.

Hazenberg hat moandei wer de earste hinnen krigen. It giet om 75, dy't teste moatte oft de stâlen skjin binne. Mocht dat it gefal wêze, dan wurdt syn bedriuw oer trije wike wer frij-jûn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)