Nije strjitferljochting foar Bilt-doarpen

In foarbyld fan LED-ferljochting © ANP
Froubuorren, Sint-Anne, Sint-Jabik en Minnertsgea krije nije strjitferljochting. De gemeente It Bilt ferfangt ynkoarten de besteande ferljochting troch LED-lampen.
De nije strjitferljochting bliuwt nachts oan, mar wurdt dan wol dimd. No gean in soad strjitlampen jûns om healwei alven hielendal út.