Wa betinkt de nammen foar de nije fearboaten fan Doeksen?

Ien fan de nije fearboaten fan Doeksen © Rederij Doeksen
Rederij Doeksen freget minsken om nammen te betinken foar twa nije skippen dy't takom jier yn gebrûk naam wurde. Se wurde op it stuit boud yn Fjetnam. Doeksen siket nammen dy't ferbûn binne mei de rederij, mei de Waadsee en de eilannen Skylge en Flylân. Minsken dy't de winnende nammen betinke, kinne der in moaie priis foar krije: se meie mei as de skippen foar it earst farre en binne der by as se offisjeel yn gebrûk naam wurde.