Fryske pealdûnseressen traine foar wrâldkampioenskip

21 feb 2017 - 14:08

De Fryske pealdûnseressen Tirsa Hagen út Snits en Josien Hoekstra út Boalsert geane nei it wrâldkampioenskip pealdûnsjen dat yn juny yn Den Bosch hâlden wurdt. It duo is koartlyn Nederlânsk kampioen wurden by de doubles mixed. Pealdûnsjen, of ek wol 'Pole-fitness' neamd, is in swiere sport. It komt foaral oan op kracht en linichheid. De froulju traine op it stuit sa'n fjouwer kear yn 'e wike yn de dûnsskoalle fan Hagen yn Snits. 

Pealdûnsjen is in oan populariteit groeiende sport yn Fryslân. Neist Snits komme der hieltyd mear plakken by dêr't lessen folge wurde kinne.

Jûn yn Hea! in reportaazje oer pealdûnsjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)