Kustpakt om Noardseekust te beskermjen tsjin bouplannen

De Nederlânske Noardseekust moat fan de Twadde Keamer better beskerme wurde tsjin alderhande bouplannen. Om dat foarinoar te krijen tekenje it Ryk, de kustprovinsjes en -gemeenten, wetterskippen en natuerorganisaasjes tiisdeitemiddei it Kustpakt. Yn dat pakt stean ôfspraken oer bebouwing lâns de Nederlânske kust.
Neffens deputearre Klaas Kielstra hat Fryslân dy beskerming al goed foar mekoar. Us provinsje tsjinne neffens him dan ek as foarbyld foar de ynhâld fan it Kustpakt.