Pikeboer Abbegea hat wer testhinnen yn 'e stâl

21 feb 2017 - 13:38

Pikeboer Hans Hazenberg fan Abbegea hat wer hinnen yn syn stâlen rinnen. Noch net de 63.000 dy't der ein ferline jier rûnen, mar 75. Dy 75 moatte teste oft it bedriuw fan Hazenberg wer frij fan fûgelgryp is. De sykte waard begjin desimber op it bedriuw yn Abbegea fêststeld. Dêrnei moasten alle bisten romme wurde en gie it bedriuw op slot.

As de testhinnen oer trije wike neat mankearret, mei Hazenberg syn stâlen wer folje. Der komme dan earst 15.000 hinnen, yn maaie folgje nochris in lytse 50.000.

(Advertinsje)
(Advertinsje)