Priis foar Fryske dichters wurdt foar twadde kear útrikt

21 feb 2017 - 12:17
Foto: Omrop Fryslân

Begjinnende Fryske dichters kinne dit jier wer kâns meitsje op de D.A. Tammingapriis. De stichting FLMD sil de priis foar Fryske literêre debuten yn ’e rin fan juny foar de twadde kear útrikke. Der binne wol in pear betingsten. Gadingmakkers moatte yn de perioade tusken 1 jannewaris 2012 oant en mei 1 april 2017 debutearre hawwe mei in dichtbondel. Allinnich oarspronklik Frysktalich wurk mei ynbrocht wurde.

De winner krijt in jildbedrach fan 3000 euro en in oarkonde. De sjuery bestiet út Albertina Soepboer, Elske Kampen en Jacobus Q. Smink.

De earste D.A. Tammingapriis waard wûn troch Ale S. Van Zandbergen yn 2014 mei syn roman ‘Littenser merke’.

(Advertinsje)
(Advertinsje)