Soargen oer ferhuzingsplan kezinefabryk út Stynsgea

21 feb 2017 - 11:42
Kezinefabryk Europrovyl yn Stynsgea - Foto: Google Streetview

Gemeentebelangen Achtkarspelen makket him grutte soargen oer de foarnommen ferhuzing fan it kezinefabryk Europrovyl fan Stynsgea nei Ljouwert. By it bedriuw wurkje hûndert minsken en dêrmei is it in belangrike wurkjouwer yn it doarp.

De riedsfraksje wol no fan de gemeente Achtkarspelen witte as de ferhuzing noch te kearen is en wat foar rol de gemeente spylje kin om it bedriuw foar it doarp te behâlden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)