Gjin ienheid oer tsjinprestaasje by bystânsútkearing

© Omrop Fryslân
Fryske gemeenten tinke hiel ferskillend oer it oplizzen fan tsjinprestaasjes oan minsken mei in bystânsútkearing. Wêr't guon gemeenten de tsjinprestaasje sjogge as troch de gemeente opleine maatregels, sjogge oare gemeenten ek nei frijwillige aktiviteiten fan de minsken sels.
Ut ûndersyk fan it Frysk Sosjaal Planburo docht bliken dat alle gemeenten der foar kieze om de minsken op in positive en net twingende wize te motivearjen om wat werom te dwaan foar harren útkearing. Gemeenten binne net ferplichte om in tsjinprestaasje op te lizzen.
Under tsjinprestaasjes wurde maatskiplik nuttige aktiviteiten ferstien, sa as te kuierjen gean mei âlderen of in bartsjinst draaie yn in doarpshûs.