Protte flecht op 'e koai foar stoppersregeling boeren

21 feb 2017 - 10:27

Feehâlders kinne harren foarearst net mear ynskriuwe foar de stoppersregeling. Boeren koenen harren moandei foar it earst melde foar de preemje dy't it ministearje fan Ekonomyske Saken beskikber stelt om it Nederlânske fosfaatprobleem oan te pakken. In wurdfierder fan Ekonomyske Saken befêstiget dat. Yn totaal wie der yn de earste iepenstelling 12 miljoen euro beskikber foar feehâlders dy't mei it bedriuw ophâlde wolle. Se krije dan 1200 euro foar in ko, 636 euro foar in pink, en 276 euro foar in keal. 

Flecht op 'e koai

"In totaal hebben 498 bedrijven zich gemeld voor de stoppersregeling. Het budget is hiermee bijna vier keer overschreden. Dat was voor staatssecretaris Martijn van Dam reden om de inschrijving vooreerst stop te zetten. Het gaat om een aanvraag van ruim 40.000 koeien, inclusief jongvee. Alle aanvragen die vandaag nog binnenkomen via de post worden niet meer meegenomen met de aanvragen die gisteren digitaal zijn ingestuurd. Op basis van de aanvragen wordt geloot en gekeken of de veehouder daadwerkelijk in aanmerking komt voor de regeling," seit wurdfierder Heleen Haverkort fan Ekonomyske Saken.

Boeren hearre dan binnen fjouwer wiken oft se wol of net jild krije. Hoefolle Fryske boeren gebrûk makke hawwe fan de regeling, kin Haverkort noch net sizze. "We moeten alle aanvragen nu eerst gaan bekijken en analyseren." It doel fan de totale regeling is mei de ôffier fan sa'n 60.000 kij de fosfaatproduksje yn 2017 mei 2,5 miljoen kilo fosfaat te ferminderjen.

LTO Noard

Neffens Wiebren van Stralen fan LTO Noard is it hiel hurd gien. "It is krekt as in run op konsertkaartsjes, dizze regeling is hiel populêr." Van Stralen tinkt dat in soad boeren wachte hawwe op it goede momint om op te hâlden mei it bedriuw. "Se hawwe útsjoen nei it meast gaadlike oanbod en dat lei der no mei dizze regeling."

It ministearje fan Ekonomyske Saken sil op koarte termyn in nij bestjoerlik oerlis organisearje om oer de folgjende iepenstelling fan de stoppersregeling te praten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)