Lutz Jacobi nei Institút foar Natueredukaasje en Duorsumens

21 feb 2017 - 10:13
Lutz Jacobi

Lutz Jacobi sil ynkoarten oan de slach by it Institút foar Natueredukaasje en Duorsumens, IVN Noard. Jacobi is sûnt 2006 lid fan de PvdA-fraksje yn de Twadde Keamer, mar komt nei de ferkiezingen net werom. Se krijt fan 'e maitiid ôf in sit yn de ried fan advys fan it IVN.

Tema's fan it IVN passe neffens de organisaasje goed by Jacobi, dy't har yn de Twadde Keamer ynsette foar it Waadgebiet, nasjonale parken, natuer en lânbou.

Mark Tuit, regiodirekteur IVN Noard is bliid mei de komst fan Jacobi. ''Als IVN zijn we verheugd dat we onze raad van advies kunnen versterken met een kanjer als Lutz Jacobi. Als IVN kunnen we alleen maar profiteren van Lutz haar grote kennis en haar uitgebreide netwerk.''

(Advertinsje)
(Advertinsje)