Kollum: "It swarte skiep"

21 feb 2017 - 08:36

"Kinst se telle as se elk foar oar midden yn de nacht oer in stekje springe. Foar de leafhawwers kin men se mei de achterpoatsjes yn de learzens pleatse, sadat se net útnaaie as men ferlet fan yntimiteit hat. Men kin se op in balkon of yn in badkûp de strôt útsnije en dat in offerfeest neame. Kinst se yn in keppel oer de heide jeie, begeliede troch in hûntsje mei ADHD. Men kin se skeare en melke en úteinlik yn in pitabroadsje tropje en bedobje ûnder in stevige kwak knyfloksaus.

Skiep. In bist dat yn de Fryske taal genôch oan himsels hat. Want ast no ien stean sjochst of in keppel: it bliuwt skiep. Dat is typearjend, want se stean net bekend om harren yndividualisme. Dat sjochst werom yn de taal en de siswizen: Der kinne in bulte makke skiep yn ien hok, as ien skiep bletteret, bletterje se allegear, sa mak, nuet en bang as in skiep. It binne meast negative kwalifikaasjes, en dat is ûnterjochte.

Foar in skiep is de keppel wichtiger as de ienling, de groep giet boppe it yndividu. Mienskiep, neame se it. Dêr kinne de minsken noch wat fan leare. Se binne ek hartstikke tûk, want in skiep kin wol oant fyftich gesichten fan minsken werkenne, wylst ik de iene skieppekop net fan de oare ûnderskiede kin. Mar dêr moat men dan miskien wer in skieppehoeder foar wêze. In hoeder lykas Sam Wester, de man dy’t mei syn keppel yn tsjinst wie fan de gemeente Ljouwert. Wie, want doe’t de gemeente de boel opnij oanbestege keazen se foar in oare partij. Dat is neffens de regels harren goed rjocht. Jierren trouwe tsjinst en in lokale befolking dy’t hiel tefreden is oer de man en syn keppel, telle net mei yn de beslútfoarming. Troch dy beslissing rekket Wester syn baan kwyt, en giet de keppel nei de slachtbank om yn pitabroadsjes te ferdwinen.

It nuvere is dat de nije partij mear kostet as de âlde, sa’n fjouwertûzen euro. Omdat it om mienskipsjild giet moatte der dus wol swierwichtige redenen wêze om sa’n beslissing te rjochtfeardigjen. Dy binne der, neffens de gemeente. De nije partij docht nammentlik mear mei sosjale media en set ekstra skiep yn as der bymeand wurde moat. De gemeente Ljouwert is dus ree om fjouwertûzen euro mear te beteljen foar in pear foto’s fan skattige lamkes op facebook, en yn stee fan masjinaal bymeane in pear skiep ekstra yn te setten ûnder it mom fan ekologysk behear…

Hie dy kwestje mei Wester no net mei in goed petear op te lossen west? Dat ien foar Wester facebook en twitter foar syn rekken naam, en de nedige papierbrol en dito gjalpen dêryn opfierde? Dan hie it de gemeente grif mar in fraksje koste fan wat se no mear betelje, of miskien sels wol neat. No liket it in burokratyske beslissing mei sneue gefolgen. Underwilens hat de nije partij Wester oanbean om foar harren komme te wurkjen. Mei syn keppel. In dilemma, tinkt my, foar de frije skieppehoeder dy’t Wester is."

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.

(Advertinsje)
(Advertinsje)