De hiele wike miljeujutte op Skylge

21 feb 2017 - 07:29

Plestik taskes, tou dat brûkt waard yn de fiskerij, ferpakkingen fan iten. De seeën en strannen ha al jierrenlang te krijen mei alderhande guod dat der net heart. Lokkich binne der minsken dy't har ynsette om dy rommel op te romjen. Dizze wike wurdt alwer foar de 26e kear it saneamde miljeujutten organisearre op Skylge. In groep minsken sil de folsleine maitiidsfakânsje de Skylger strannen op en del om safolle mooglik rotsoai op te romjen.

Dit jier is der spesjaal omtinken foar ballonnen dy't nei ien of oare feestlike aksje meastal yn see en letter op it strân bedarje.

Trefwurden: 
Skylge miljeujutten strân
(Advertinsje)
(Advertinsje)