"Plan VMBO-MBO-komby minister Bussemaker net sûnder risiko"

20 feb 2017 - 22:24

It ûnderwiisplan fan minister Jet Bussemaker foar learlingen fan it MBO en VMBO is net sûnder risiko. Dat seit Frank van Hout fan it Friesland College. De minister wol de VMBO- en MBO-opliedingen kombinearje, sadat learlingen yn fiif jier klear wêze kinne mei it ûnderwiis, om dan fuort oan it wurk te gean. No hawwe se dêr noch seis jier foar nedich.

Van Hout hat syn twifels oer it inisjatyf, want de basis is te smel. De fiif jier is te koart om de learlingen goed ta te rieden op harren takomstige baan.

Wurk krije en wurk hâlde 

"Het risico is dat we voor die specifieke doelgroep de VMBO- en MBO-opleiding gaan versmallen, en dat alleen maar om ze zo snel mogelijk aan het werk te krijgen. Waardoor ze niet goed toegerust zijn op de vraag of ze ook aan het werk kunnen blijven", seit de ûnderwiisman, dy't ek yn de lanlike MBO-ried sit.

Wat as se 25 of 30 binne?

"Die leerlingen komen met hun 17de bij ons van school af en gaan aan het werk. Mijn grote vraag is dan wat er gebeurt als ze 20, 25 of 30 zijn. Hebben ze dan de goeie bagage om aan het werk te blijven en verder ook te functioneren in een steeds ingewikkelder wordende maatschappij. De basis is naar mijn mening te smal."

(Advertinsje)
(Advertinsje)