Sjauffeurs: "Maatregels Arriva smite net folle op"

Bussjauffeurs hawwe der net folle betrouwen yn dat de oanpassing fan de tsjinstregeling troch Arriva ek echt tiidwinst opsmyt. "Der moatte nije tsjinsten komme. De tsjinstregeling wurdt net earder feroare as oan 'e ein fan dit jier. Dat hawwe se tasein", seit in sjauffeur.
Redenen fan de krappere tiden is dat de rûtes langer wurden binne nei de oername fan Qbuzz troch Arriva. Der is hast gjin speling mear. "Wy moatte yn Drachten earst nei it transfearium en dan fia it sikehûs nei it sintrum. Dêr is gjin tiid foar rekkene."
Mear risiko's
De sjauffeurs moatte strakker ride om op 'e tiid komme te kinnen. "Der wurdt hurd riden om de tiden te heljen. Der wurdt mear risiko naam." As it drok is yn it ferkear of der is mear opûnthâld, bygelyks troch de wurksumheden yn it sintrum fan Ljouwert, dan komme de bussen letter oan as yn de tsjinstregeling stiet. It gefolch is dat it skoft yn sokke gefallen yn de ferdrukking komt.
"50 of 60 yn 30-km-gebiet"
In sjauffeur dy't anomyn bliuwe wol, sei tsjin Omrop Fryslân dat der wolris mei 50 of 60 kilometer yn de oere troch doarpen riden wurdt dêr't 30 it maksimum is. In oare sjauffeur wiist derop dat it net inkeld oan Arriva leit, mar ek oan de provinsje Fryslân dy't by de gunning de skerpste priis meiwage lit.
"Ik lit my net opjeie"
Wer in oare sjauffeur seit dat er in soad wille yn syn wurk hat. "Ik fyn it prachtich wurk en lit my net opjeie."