Jong Cambuur slút wedstriid tsjin Heracles winnend ôf

20 feb 2017 - 20:59
Foto: Omrop Fryslân

Jong Cambuur hat moandei de útwedstriid tsjin Jong Heracles mei 2-1 wûn. Alle doelpunten foelen yn de earste helte. De 1-0 foel troch in eigen doelpunt fan Heracles troch Van de Berg. Blackson skoarde dêrnei it twadde Ljouwerter doelpunt. Vujicevic die foar de rêst noch wat werom, en brocht de spanning wer yn de wedstriid.

Yn de twadde helte krigen de Ljouwerters kânsen de foarsprong út te wreidzjen, mar doelpunten foelen der net mear. Oan 'e ein waard it noch spannend. Dochs koe Cambuur úteinlik de winst oer de streek lûke.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)