Mienskiplike regelingen "min foar demokrasy"

20 feb 2017 - 20:11

Mienskiplike regelingen fan gemeenten oer polityk gefoelige saken binne min foar de demokrasy. Dat seit bestjoerskundige Rieks Osinga nei oanlieding fan sosjale wurkfoarsjenning Caparis.

De mienskiplike regeling, oftewol de GR,  is in gearwurking fan de acht gemeenten dy't belutsen binne by Caparis. Dy stiet ûnder druk fanwege de ferskate fyzjes oer de werstruktuerearring fan it bedriuw. De ûndernimmingsried fan Caparis tinkt oan juridyske stappen tsjin de gearwurking, omdat dy neffens harren net neffens de wet wurket.

Yntusken snappe guon riedsleden fan de acht Caparisgemeenten ek net mear hoe't it no allegearre sit. Se hawwe foar harren gefoel hielendal gjin grip mear op de situaasje.

De mienskiplike regeling is in gearwurking fan acht gemeenten (Ljouwert, Hearrenfean, Smellingerlân, Eaststellingwerf, Weststellingwerf, Achtkarspelen, Opsterlân en Tytsjerksteradiel).

(Advertinsje)
(Advertinsje)