IIswegesintrale kin dreech oan jonge frijwilligers komme

De finish fan de Alvestêdetocht op de Bonkefeart by Ljouwert © ANP, Catrinus van der Veen
Fryske iiswegesintrales slagje mar dreech oan jonge frijwilligers. Dat seit iismaster Piet Adema fan Snits, flak foar it 75-jierrich jubileum fan de iiswegesintrales fan Snits, Boalsert en Raerderhim. "Der binne wol entûsjaste minsken, mar dy moatte jo mei in lampke sykje. Wy hawwe minsken nedich dy't oer kjeld kinne."
By de iiswegesintrales sitte hieltyd minder minsken dy't persoanlik ûnderfining hawwe yn it organisearjen fan grutte tochten op natueriis. De lêste dêr't Adema sels by belutsen wie, wie de Alvestêdetocht fan 1997.