Brêge yn Harns defekt: fierder rinne fan trein nei boat

20 feb 2017 - 18:25

De Sasbrêge yn Harns is mooglik foar langere tiid net te brûken foar fuotgongers en fytsers. De brêge tusken de Willemshaven en de fearhaven yn Harns hat in defekt oandriuwwurk. De brêge is iepenset sadat de skippen der noch wol trochhinne kinne. Minsken dy't fan it treinstasjon Harns-Haven nei de boaten rinne, moatte no oer de Havenbrêge en de Prins Hendrikbrêge. Dat is krekt wat fierder rinnen.

De gemeente Harns en Wetterskip Fryslân binne dwaande mei de oplossing fan it probleem. Se hâlde der rekken mei dat it wat langer duorje kin.

Trefwurden: 
Sasbrêge Harns defekt
(Advertinsje)
(Advertinsje)